Delmer Los wint De Lemmer 1

01 aug 2008 - 16:17

Nei in stoarmige wedstriid yn de Lemsterbaai waard Delmer_Los freed de oertsjûgjende winner fan it IFKS. Hy liet Eelke_Dijkstra en Siebo_Zijsling, nei in fûle striid twadde en tredde, fier efter him. Dijkstra koe mei dizze wedstriid degradaasje foarkomme.

Jacob_Huisman makke it beslút it wedstriidwetter te ferlitten nei in protestsitewaasje, mar stiet noch yn de klassemintstop. Dy is hiel bysûnder: in dield earste plak en amper ferskil yn de top fiif.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)