Kimswert siket frijwilligers

© Omrop Fryslân
De bûtendoarbioskoop dy't by it Frysk Festival yn Kimswert komt te stean siket frijwilligers. Op de fjouwer skermen fan de bioskoop wurde bylden fan it lânskip sjen litten. Dêrby is muzyk te hearren, dy't foar in diel by de foarstelling sels betocht wurdt.
It doarp is op syk nei minsken dy't helpe wolle by de foarstellings. Der binne ûnder oare in tal bewakers nedich, dy't de lokaasje oerdei yn 'e gaten hâlde. De foarstellings binne fan 22 oant en mei 30 augustus.