Soad fiskers yn oertreding

01 aug 2008 - 10:55

By kontrôles ferline moanne yn Smellingerlân en Opsterlân hat de plysje flink wat fiskers beboete. 41 prosint fan alle kontrolearde fiskers wie yn oertreding. Dêrby gie it ûnder oaren om it fiskjen sûnder fiskpas, it fiskjen mei tefolle angels en it fiskjen mei libben aas en fûken.

Meielkoar waard der yn july fjouwer kear kontroleard troch meiwurkers fan de Toezichtkring Natuurhandhaving Zuidoost. Kommende tiid sille der noch mear kontrôles folgje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)