Pealsitters efkes fan peal

© Omrop Fryslân
De organisaasje fan it pealsitten yn Kollum hat freedtemoarn betiid alle dielnimmers tydlik fan de peallen helle fanwege de tonger. Krekt nei seizen moasten de pealsitters foar 20 minuten harren peal ferlitte, omdat de organisaasje it net fertroud fûn.
Op it stuit binne noch fjouwer fan 'e sân pealsitters oer. Doel is om sitten te bliuwen oant en mei sneontejûn tsien oere om sa in nij Frysk rekord del te setten fan 67 oeren. It rekord stiet no noch op 65 oeren.