Fytser omkaam by botsing

Foto: Robert-Jan Boonstra
In jonge fan 14 jier út Stiens is freedtemoarn om it libben kaam by in ûngelok yn syn wenplak.
Op de Bredyk stie it slachtoffer mei in groepke fytsers te wachtsjen foar in krusing, omdat der in auto oankaam. De jonge stuts dochs mei de fyts oer. In 57-jierrige automobilist út Someren koe met mear op tiid remje. De fytser ferstoar op it plak fan it ûngelok. De plysje ûndersiket de tadracht.