Lieuwe Westra wint yn Frankryk

31 jul 2008 - 19:59
  • Lieuwe Westra wint yn Frankryk

Lieuwe_Westra hat tongersdei de twadde etappe yn de Ronde_fan_de_Elzas wûn. De hurdfytser fan Mûnein siet earst yn in kopgroep fan 12 man. Yn de finale mei in protte klimwurk bleaune der trije man oer. Yn de einsprint wûn Lieuwe mei oermacht fan de Dútser Karsten_Hess en de Switser Simon_Zahner.

Yn it algemien klassemint stiet Westra no op it twadde plak en hy is lieder fan it punteklassemint. De Ronde_fan_de_Elzas duorret noch oant en mei snein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)