Bussjauffeur te hôf brocht

© Omrop Fryslân
Op it Noarderbegraafplak yn Ljouwert is tongersdei bussjauffeur Joukje Bijker (33) te hôf brocht. As lêste earbetoan foarmen 150 kollega's by it tsjerkhôf in earehaach.
De bussjauffeur fan Connexxion kaam dit wykein om it libben troch in ûngelok by Wommels. Se waard nei alle gedachten net goed en dêrtroch kaam de bus yn 'e sleat telâne. De sân passazjiers kamen mei de skrik frij. De útfeart waard besocht troch hûnderten minsken.