It Fean huldiget PC-kening

PC-kening Douwe Groenendijk wurdt tongersdeitejûn huldige yn syn wenplak, It Hearrenfean. Groenendyk wûn woansdei de 155ste PC, mei syn maten Jochum_Bouma en Auke_van_der_Graaf.
It partoer sil yn in iepen koets en ûnder musikale begelieding in earerûntsje troch it sintrum meitsje. Loko-boargemaster Buwalda huldiget de trije dêrnei op de Oude Koemarkt. Nei ôfrin kin elk de PC-winners lokwinskje yn kafé de Wereld op It Hearrenfean.