Hûsnûmers moatte te sjen wêze

31 jul 2008 - 13:59

Hûsnûmers yn Harns moatte better te lêzen wêze. De gemeente hat de ynwenners dêr op wiisd. De nûmers binne no net altiten like goed te sjen, somtiden ûntbrekke se sels. Helptsjinsten en postrinners moatte dan sykje. By de meldkeamer fan de ambulânse freegje ferplegers geregeld om mear ynformaasje omdat it hûsnûmer fan de pasjint ûntbrekt.

De gemeente Harns ropt de ynwenners op om de hûsnûmers sa gau mooglik goed sichtber te meitsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)