Gjin goeie klean: slim ferwûne

© Omrop Fryslân
In motorrider is woansdei by Offenwier slim ferwûne rekke, doe't er op de Fiifgeawei yn botsing kaam mei in auto. De motorride foel dêrtroch. Omdat er gjin beskermjende klean oanhie, rûn er slimme ferwûnings oan ien fan syn skonken op.
De motorrider waard yn earste ynstânsje oerbrocht nei it sikehûs yn Snits, mar is letter opnaam yn it sikehûs yn Ljouwert.