Brân op folchskip skûtsje

31 jul 2008 - 10:33

Der hat woansdeitemiddei brân west op it folchskip fan it Ljouwerter skûtsje, "de Vrouwe Nieske". De eigen bemanning hat it fjoer útmakke. It skip is ûnderweis nei Amsterdam dêr't Ljouwert sneon meidocht oan de Gay Parade. Op it folchskip wurdt wol in soad tared, mar it meidwaan oan de Gay Parade komt net yn gefaar.

Boargemaster Crone fart ek mei op it Ljouwerter skûtsje, omdat de gemeente Ljouwert stiet foar akseptaasje en emansipaasje fan homoseksuelen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)