Gau dúdlikheid Friesland Vlees

Wurdt Friesland Vlees oernaam?
Tongersdeitemiddei komt der dúdlikheid oer in eventuele oername fan de slachterij Friesland Vlees. Dat seit FNV-bestjoerder Dick Heinen. De petearen binne noch geande en om 15.00 oere tongersdeitemiddei wurdt it personiel ynljochte oer de takomst fan de slachterij.
It bedriuw hie al langer problemen, omdat in soad ôfnimmers ôfheakken nei útspraken fan minister Verburg fan lânbou oer mooglike misstannen by de slachterij.