Dak iisfabryk nije wike makke

It dak boppe de kuolromte is ynstoart
IIsfabryk Holiday_Ice yn Sint_Nyk hopet ein takom wike it dak wer ticht te hawwen. In stik fan it dak fan it fabryk stoarte fan ´t wykein yn, doe´t der by it needwaar tefolle wetter op stean bleau. Sûnt dy tiid kin by it fabryk noch mar in lyts diel fan de produksje draaie. Wol wurdt der noch út de foarried levere.
Yn de rin fan nije wike krijt it fabryk stielen balken oanlevere, dêr´t it dak mei tichtmakke wurdt. Dy balken moatte earst noch makke wurde.