Feiligensûndersyk yn it Frysk

31 jul 2008 - 09:39

De lanlike feilichheidsmonitor moat ek yn it Frysk hâlden wurde. Dat fynt boargemaster Crone fan Ljouwert. Doel fan it feiligensûndersyk is om gegevens te sammeljen oer hoe't minsken tinke oer feilichheid yn har omjouwing.

Omdat it grutste part fan de Friezen thús Frysk praat, fynt Crone dat it ûndersyk sawol yn it Nederlânsk as yn it Frysk dien wurde moat. Oare boargemasters en de provinsje stypje syn inisjatyf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)