Nije eigner jachtwerf Snits
Jachtwerf Wilja yn Snits krijt in oare eigner. Direkteur Gerrit Holkema hat syn saak ferkocht oan syn meiwurkers Aldo Faber en William Tichelaar.
By Wilja wurde polyester boaten en motoren ferkocht en ûnderhâlden. De werf is festige oan de Oude Oppenhuizerweg yn Snits en hat 15 jier eigendom west fan Holkema.