Van der Meer oppermachtich

30 jul 2008 - 13:39

Rutmer van der Meer, Jacob en Chris Wassenaar hawwe gjin muoite hân mei it partoer Wilco Rinia, Karel Nijman en Gert Jan Meekma. It trio Rinia waard op 'e PC mei 5-0 en 6-0 yn de earste omloop fan it Sjûkelân fage. Snein yn Arum wie it noch krekt oarsom. Doe wiene Rinia-en-dy it partoer Van der Meer noch mei 5-1 en 6-6 de baas. Martijn Olijnsma, Erik Haitsma en Pier Piersma wûnen har partij fan Jan Dirk de Groot, Renze Pieter Hiemstra en Alle Jan Anema. It waard 5-3 en 6-6.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)