Ofskied Berkepas yn PC-topper

30 jul 2008 - 12:25

Yn in spannende partij hawwe Johan van der Meulen, Herman Sprik en Taeke Triemstra mei 5-5 en 6-6 wûn fan Klaas Berkepas, Jan Willem van Beem en Daniël Iseger. It wie de ôfskiednimmende Berkepas dy't mei in ferkearde opslach de partij útmakke. Klaas Berkepas hat 18 kear op de PC stien en krige in steande ovaasje.

Jochum Bouma, Auke vd Graaf en Douwe Groenendijk hawwe har partij neffens ferwachting wûn fan Hendrik Tolsma, Michel van der Veen en Johannes Boersma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)