Ferslaafde âlderein siket help

30 jul 2008 - 12:10

Hieltyd mear âlderen sykje help foar alkoholproblemen. Dat docht bliken út sifers fan ferslavingssoarch Noard-Nederlân. Yn Fryslân sochten 18% mear 55-plussers help foar har oermjittich alkoholgebrûk as ferline jier. By de 60-plussers wiene der sels 25% mear minsken dy't help sochten.

De Ferslavingssoarch tinkt dat dit noch mar in lyts part is fan de groep âlderein mei alkoholproblemen. De stiging soe komme trochdat it mear út de taboesfear komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)