Hast ferrassing 1e omloop PC

30 jul 2008 - 11:05
  • Harm Wassenaar, mei 17 jier de jongste

De 1e omloop op ´e PC brocht hast in ferrassing. Mei alles oan ´e hang wist it partoer Johan_Abma, Jacob_Klaas_Haitsma en Gerrit_Flisijn mar krekt te winnen fan de debutanten Jelte_Pieter_Dykstra, Hans_Wassenaar en Site_Ferwerda. Hans_Wassenaar is mei syn 17 jier de jongste dielnimmer.

It partoer Simon_Minnesma, Hylke_Bruinsma en Marten_Feenstra wûn yn de earste omloop mei 5-2 en 6-6 fan it 1e klas-partoer Pieter_Bakker, Tjerck_Karsten en Tjibbe_Hansma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)