155ste PC begûn yn Frjentsjer

30 jul 2008 - 09:19

Mei in taspraak troch PC-foarsitter Minne Dijkstra yn in grôtfolle Koarnbeurs is woansdeitemoarn de 155e PC yn Frjentsjer wer los gien. Dêrnei folge de tradisjonele tocht mei de koets troch de stêd nei it Sjûkelân.

Yn de koets sieten de winners fan foarich jier Johan van der Meulen (kening), Auke van der Graaf en Taeke Triemstra, De PC begjint mei de partoeren 1 tsjin 2 en 7 tsjin 8 om de keatsers út 'e koets rêst te gunnen. Dy sitte yn de partoeren 3 en 5.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)