Ljochtbelied gemeenten nedich

29 jul 2008 - 17:46

De Fryske gemeenten moatte mear oandacht krije foar ljocht. Dat fynt de miljeu-advystsjinst. Dy tsjinst advisearret de Fryske oerheid oer miljeutaken, ûnder oaren op it mêd fan bouwen, ôffal, lûd en dus ek ljocht.

Der komt hieltyd mear ferljochting yn Fryslân, bygelyks troch kassen en iepen stâlen. Dat is net goed foar it miljeu. Net allinnich omdat der in protte enerzjy ferbrûkt wurdt, mar ek omdat al dat ljocht soarget foar ljochtfersmoarging.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)