Daryl Janmaat nei Hearrenfean

29 jul 2008 - 09:59
  • Darryl Janmaat is rjochter ferdigener

De Sportclub Hearrenfean hat Daryl Janmaat foar fjouwer jier fêstlein. De 19-jierrige rjochter ferdigener wurdt sjoen as in grut talint en komt oer fan ADO Den Haach. Hy makke foarich jier oktober syn debút yn de earste divyzje.

Mei Janmaat hat Hearrenfean in ferfanger helle foar Gianni Zuiverloon dy't yn 'e simmer nei it Ingelske West Bromwich Albion gien is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)