Help foar wurge kapitein

29 jul 2008 - 09:55

De rêdingsboat fan Skiermûntseach hat moandeitemoarn in Sweedsk jacht holpen nei Lauwerseach te kommen. De kapitein fan it skip wie te wurch om it lêste stik op eigen krêft te farren, omdat er dy nacht yn swierwaar tusken frachtskippen sitten hie. Hy hie gjin goeie kaarten by him en hie ek net folle brânstof mear.

De rêdingsboat hat him wat disel jûn en ien fan de bemanningsleden naam it roer fan it Sweedske skip oer. In oar skip hat him fierder begelaat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)