Rêstige oefenwedstriid Cambuur

De waarmte waard Frjentsjer tefolle
De oefenwedstriid tusken Cambuur en sportklub Frjentsjer moandeitejûn is rêstich ferrûn. De fuotbalklub fan Frjentsjer hie de wedstriid op eigen fjild organisearre om sjen te litten dat oefenwedstriden net altyd út de hân rinne.
Twa jier ferlyn ûntstiene der rellen nei in oefenwedstiid tusken Cambuur tsjin RKC op it fjild fan Frjentsjer. De gemeente Frjentsjerteradiel woe dêrnei gjin fergunning mear jaan foar in wedstriid tusken twa profklubs.