Festival siket frijwilligers

28 jul 2008 - 20:54
  • It FryskFestival siket 60 frijwilligers

It Frysk Festival siket 60 frijwilligers dy't helpe wolle by de ferkeap fan kaarten, it ûntfangen fan de artysten en begelieden fan it publyk. Ek binne der frijwilligers nedich om op de lokaasjes fan de teaterfoarstellings te helpen.

It giet dan ûnder oaren om de foarstelling fan Tsjêbbe Hettinga. Syn foarstelling reizget nei Ljouwert, Bears, Ferwert, Peazens-Moddergat, Spangea en Laaksum. It Frysk Festival is fan 22 oant 31 augustus.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)