Bou skippen minder lukratyf

De ynvestearing falt minder goed út
De ynvestearing fan de Harnzer rederij JR Shipping yn seis gloednije kontenerskippen falt foarearst folle minder goed út as tocht. It giet net goed mei de kontenerfeart. Sa wurdt der folle minder winst makke. JR Shipping bestelde de skippen oardel jier lyn.
De earste dêrfan, de MS Emotion, wurdt kommende freed doopt. Sander Schakelaar fan JR Shipping ferwachtet dat de merk de kommende tiid wer fierder oanlûke sil.