De Vries mooglik nei Cambuur

28 jul 2008 - 16:57

Spits Mark_de_Vries traint de kommende tiid mei by SC_Cambuur. Oer in kontrakt is noch net praat, mar it is wol in mooglikheid. De 32-jierrige fuotballer sit sûnder club en siket om wurk. De Vries hat al hiel wat clubs fersliten.

Nei fjouwer jier Volendam kaam er út foar Dordrecht, Heart of Midlothian, Leicester City, Hearrenfean, ADO Den Haag en Leeds United. Ferline seizoen spile er yn Skotlân foar Dundee United yn maaie syn lêste wedstryd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)