Henk ten Hoor Bilgaard sloopt

© Omrop Fryslân
It gebou fan tekstylwinkel Henk ten Hoor yn de Ljouwerter wyk Bilgaard wurdt sloopt. De saak rûn twa jier lyn by de grutte brân yn it winkelsintrum amper skea op, omdat it gebou brânbestindige muorren hie. Dat it gebou no sloopt wurdt, komt omdat it oars út de toan falle soe by de nijbou.
De tekstylsaak komt wol werom yn it nije winkelsintrum. De sloop begjint yn oktober. Yn maart moat it nije gebou klear wêze.