Iepen dei Cambuur ôflast

Oar jier is der gewoan wer in iepen dei
De iepen dei fan Cambuur dy't kommende sneon wêze soe giet net troch. Ynstee dêrfan presintearret Cambuur de nije spilers woansdei, foarôfgeand oan de oefenwedstriid tsjin Falkirk. Dy wedstriid wurdt spile op it trainingskompleks fan Cambuur, De Hertgang.
De iepen dei giet net troch om't der in nij fjild yn it stadion leit. De klub wol gjin risiko nimme mei de gersmatte, dêr mei noch net oerhinne rûn of op spile wurden.