Hûneferbod nei Raad van State

28 jul 2008 - 06:49

In ynwenster fan Surhuzum, dy't fan de gemeente Achtkarspelen har hûnen net mear yn in diel fan har tún rinne litte mei, fjochtet dat beslút moandei oan by de Raad van State.

Lynn Hargrave mei har sân Berner Sennen-hûnen net mear oeral yn har tún rinne litte, omdat har buorlju der lêst fan hawwe as de hûnen blaffe. Neffens de gemeente docht út mjittings bliken dat de hûnen yndie tefolle leven meitsje. Hargrave is it dêr net mei iens.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)