Bêste Tour Pieter Weening

Pieter Weening dit jier 63ste
Hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema hat syn bêste Tour de France riden oant no ta. Weening einige yn it einklassemint op in 63ste plak mei in efterstân op de winner Carlos Sastre fan 1.55.52. Snein einige de Tour tradisjoneel yn Parys.
Yn 2007 einige Weening op in 128ste plak. Yn 2006 waard hy 93ste en yn syn earste Tour yn 2005 waard Pieter Weening 72ste.