Partoer Minnesma wint Arum

27 jul 2008 - 17:35

De generale foar de 155ste PC is snein yn Arum wûn troch it partoer Simon Minnesma, Hylke Bruinsma en Marten Feenstra. Sy wûnen de finale maklik mei 5-1 en 6- 4 fan Wilco Rinia, Karel Nijman en Gert-Jan Meekma. Marten Feenstra waard kening.

De lytse preemje wie foar it partoer Rutmer van der Meer en Jacob en Chris Wassenaar. Dy ferlearen mei 5-1 en 6-6 fan it trio Rinia. It partoer Johan van der Meulen ferlear earder fan Minnesma c.s. mei 5-5 en 6-2.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)