Trije stellende jonges oppakt

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneontemiddei trije jonges fan 18, 17 en 16 jier út Litouwen oanholden fanwege stellerij. Meiwurkers fan in winkel oan de Van Loonstrjitte yn Ljouwert seagen dat de jonges 14 pear sokken, ûnderguod en fleisguod yn 'e tas diene. Se wiene yn it selskip fan in âldere man.
Neffens it winkelpersoneel hiene de trije earder dy wike ek al fleis stellen. De jonges binne oanholden en ynsletten foar neier ûndersyk. De âldere man wist te ûntkommen.