Bussjauffeur omkommen

Op de Westergowei is tusken Wommels en Kûbaard sneintemiddei in bus fan Connexxion kantele en heal yn de sleat bedarre. Dêrby is de froulike sjauffeur omkommen. Yn de bus sieten sân passazjiers dy't der allegear mei de skrik frijkommen binne. Nei alle gedachten is de sjauffeur net goed wurden en dêrtroch de macht oer it stjoer kwytrekke.
De Westergowei hat tusken de krusings Burchwert/Wytmarsum en Iens/Spannum oant sirka 18.00 oere ôfsletten west.