Mariska Kramer wint triatlon

© Omrop Fryslân
Mariska_Kramer hat sneon de Edersee-triatlon yn it Dútske Waldeck wûn. Dat die se nei 1500 meter swimmen, 45 km op de fyts en 10 km hurddrave. De ynwenster fan Drachten die mei op útnoeging fan de Dútske feriening Darmstadt.
Mariska_Kramer kaam nei it swimmen as njoggende út it wetter en moast twa minuten goed meitsje op de koprinster. By it fytsen en draven oer heuvelich terrein gong it dat it slydjaget. "It klimwurk leit my goed", sei Kramer.