Schuil finalist yn Gstaad

© Omrop Fryslân
Richard_Schuil en Reinder_Nummerdor ha sneintemoarn de finale helle fan it grand-slam beachfoljebaltoernoai yn Gstaad. Yn de heale finale waard wûn fan it Russyske twatal Barsoek en Kolodinsky mei 24-22, 13-21 en 15-9.
Schuil en Nummerdor ha foar de Olympyske Spelen yn Sina aardich lotte. As fyfde pleatst moatte se it yn de pûl opnimme tsjin Laciga/Schnider fan Switserlân, tsjin de Noaren Kjemperud/Skarlund en tsjin Klemperer/Koreng fan Dútslân.