Bleeker 60 jier pryster

© Omrop Fryslân
Pater One_Bleeker fiert snein 3 augustus syn 60 jierrich jubileum as pryster. De 88 jierrige Bleeker is hikke en tein yn Blauhûs. Hy waard 60 jier lyn ta pryster wijd yn de oarde fan it Hillich Krús. Fuort nei syn prysterwijing waard hy foar Brazylje beneamd.
Bleeker wennet no yn it kleaster fan de Krúshearen yn Uden. Op 3 augustus wurdt der yn de Sint Vitustsjerke fan Blauhûs in Heechmisse hâlden.