Heeg hâldt op as riedslid

27 jul 2008 - 11:39

Fraksjefoarsitter Ymte_Heeg fan de VVD yn Littenseradiel leit syn riedswurk oer in pear wiken del. Hy ferhuzet nei Menameradiel en kin dan net langer riedslid yn Littenseradiel bliuwe.

De 63-jierrige Heeg is no noch boer yn Spannum. Syn soan nimt it spul oer. Ymte_Heeg hat seis jier riedslid west foar de VVD en wie fraksjefoarsitter op it momint fan de boargemasterskrisis yn Littenseradiel. Dy krisis hat neffens him gjin inkele rol spile by syn beslút.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)