Lodewijk Meeter hâldt op

27 jul 2008 - 11:11

Lodewijk_Meeter hâldt op as skipper fan it Huzumer skûtsje. Dat hat er nei ôfrin fan de finale fan it SKS skûtsjesilen ôfrûne freed besletten. Meeter is teloarsteld oer de risseltaten dy't er helje koe mei dit skûtsje. Ofrûne SKS waard er lêste.

It bestjoer fan de Stichting Vriendenkring It Huzumer Skûtsje hat begryp foar it beslút fan Meeter. It makket de nije skipper gau bekend. Dat moat in neikommeling fan de koartlyn ferstoarne Lodewijk_Meeter wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)