Ynslaggen yn Snits en Britsum

Sawol yn Snits as Britsum is sneontejûn de wjerljocht ynslein. Yn Britsum wie dat oan de Weversterp. De hiele elektryske ynstallaasje yn it hûs is fernield. Dêrnei ûntstie brân. De bewenners wiene net thús op it stuit fan de ynslach. De brânwacht hat it fjoer útmakke.
Yn Snits wie in ynslach oan de Winsemiusstrjitte. Ek dêr wiene de bewenners net thús. Der ûntstie gjin brân, mar de dakpannen fleagen fan it dak op in oantal auto's.