Elma de Vries pakt brûns

© Omrop Fryslân
Elma_de_Vries fan De_Haule hat sneontejûn op it Europeeske kampioenskip skeelerjen yn Dútslân in brûnzen medalje helle op de 10 kilometer puntekoers. Foar De_Vries, dy´t tsjintwurdich yn Meppel wennet, wie dat har tredde medalje op dit toernoai. Earder wûn se al sulver op de 1000 meter en brûns op de ôflossingskoers.
Earder sneontejûn waard De_Vries ek noch fjirde op de 500 meter.