Schuil nei heale finale

© Omrop Fryslân
Beachvolleyballer Richard_Schuil hat him mei syn partner Reinder_Nummerdor pleatst foar de heale finale fan it Grand_Slamtoernoai yn Gstaad. It duo wûn yn de kwartfinale fan de sterke Dútsers Brink en Dieckmann dy´t as earste pleatst wiene. De setstannen wiene 21-14, 18-21 en 19-17.
Schuil en Nummerdor spylje yn de heale finale tsjin it Russyske duo Barsoek en Kolodinsky. De Russen wiene te sterk foar de Nederlanners Emiel_Boersma en Bram_Ronnes.