Keuring fan kultuereel belang

26 jul 2008 - 16:11

Sa'n 126 kealtsjes en oare kij rinne sneon mei op de jierlikse keallekeuring yn Walterswâld. It is in ûnderdiel fan de tradisjonele hynstedagen dy't dit wykein hâlden wurde.

Neffens de organisaasje is de keuring fan grut belang foar de Fryske kultuer, krekt lykas it skûtsjesilen, de PC en it fierljeppen. Dielnimmers binne moannen yn it foar al yn it spier om de kealtjes op en top fit te krijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)