Deunsk-detektor ûntwikkele

26 jul 2008 - 16:00

It Ljouwerter bedriuw Semex hat in apparaat ûntwikkele dat derachter komme moat as melkkij deunsk binne. De kij krije in halsbân mei in transponder om. Dy registrearret temperatuerferoarings fan de kij en jout dy troch oan in apparaat by de molkput.

De boer krijt dêrnei in smske mei de gegevens. It systeem is benammen bedoeld foar gruttere bedriuwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)