Wapens yn beslach naam

© Omrop Fryslân
Yn Froubuorren binne freedtejûn in pear ferbeane wapens yn beslach nommen troch de plysje. Dy kaam op it adres yn ferbân mei in boete dy't noch net betelle wie. Yn de sliepkeamer fan it hûs waard doe in neppistoal en in mes oantroffen.
Ien fan de famyljeleden waard lilk doe 't de plysje de wapens meinimme woe en besocht foar te kommen dat soks gebeure soe. Mei de nedige muoite koe hy oanhâlden wurde. Hy is fêstsetten op it plysjeburo.