Kramer dreamt fan hurdfytsen

26 jul 2008 - 12:37

Sven Kramer dreamt fan in karriêre as hurdfytser. De reedrider fan Aldskoat tinkt der noch net oer om op te hâlden mei riden. Mar yn de takomst soe hy wolris besykje wolle of't hy by it hurdfytsen like suksesfol wêze kin as by it reedriden.

Op it stuit is Kramer yn Berlyn drok oan it trainen foar it kommende seizoen, mar ek foar de Olympyske Spelen yn 2010 yn Vancouver. As hy dêr goud hellet hat hy alles wûn wat der te winnen falt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)