Portier bedrige en mishannele

26 jul 2008 - 12:20

In 22-jierrige Ljouwerter hat yn de nacht fan freed op sneon in portier bedrige en mishannele. De portier wie oan it wurk oan de Nijstêd yn Ljouwert doe't hy spul krige mei de man. Doe't de plysje der delrûn sloech de man de portier. De portier rekke dêrby ferwûne oan syn holle en hy sloech werom. De Ljouwerter bedarre mei in plysjeman op de grûn.

De man besocht doe ek de plysjeman te slaan. Pas nei't der pepperspray brûkt waard koe hy yn de boeien slein wurden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)