Jonge fandalen oanhâlden

© Omrop Fryslân
De plysje hat freedtenacht twa jonges fan 16 jier oanhâlden op fertinking fan baldadigheid. Plysjeminsken yn burger seagen fiif jongeren op de Oudeweg yn Drachten rinnen. Doe't se in auto foarby rûnen wie der in klap te hearren. De groep jonges draafde fuort. Doe't de plysje rôp bleau ien jonge stean, in oare koe yn de achterfolging achterhelle wurden.
De twa binne heard en dêrnei nei harren âlders brocht. De oare trije krije de plysje nocht thús op besite.