40 jier Wadloopcentrum Fryslân

It Wadloopcentrum Fryslân bestiet 40 jier. It jubileum wurdt sneon fierd mei in spesjale gearkomste yn kafee De Kalkman yn Wierum. Der soe sneontemoarn ek in groep fan 15 man te waadrinnen, mar fanwege de tonger yn de loft gie dat net troch.
Yn 1968 organisearre it sintrum de earste tocht nei de Ingelsmanplaat. Yn dy 40 jier binne 4000 tochten organisearre. Alle jierren geane goed 75.000 minsken mei in organisaasje it Waad op.