Simmer min foar Voedselbank

26 jul 2008 - 11:09

De Voedselbank fan Ljouwert hat noch noait sa'n minne simmer hân as dit jier. De útlevering fan de pakketten oan de 300 ôfnimmers komt sels yn gefaar, as der net gau produkten bykomme.

Simmers is faak in slappe tiid foar de Voedselbanken. In soad bedriuwen hawwe fakansje en leverje minder guod oan. Fierder is it dreech om frijwilligers te finen foar aksjes. De moanlikse supermerkaksje moat no foar genôch guod soargje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)